Sander Arends ûnderút yn Quimper

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der freed net yn slagge de finale te berikken fan it challengertoernoai fan Quimper. Arends en syn maat, Tristan-Samuel Weissborn, giene mei 6-3 en 6-4 ûnderút tsjin Fabrice Martin en Hugo Nys út Frankryk.
Sander Arends © www.orange-pictures.nl
Arends en Weissborn wiene as tredde pleatst yn Quimper, Martin en Nys as twadde. Dat der hast gjin ferskil tusken beide teams siet, wie te fernimmen. Yn de earste set krigen Arends en Weissborn gjin inkeld breakpoint. Martin en Nys krigen der ien, mar hiene dêr genôch oan.
Yn de twadde set hiene de Frânsen wer oan ien break genôch om de set te pakken. Mei it berikken fan de heale finale, en de toernoaiwinst fan ferline wike yn Rennes, komt Arends op it 98e plak fan de wrâldranglist telâne.