Anema njoggende op de 3.000 meter by wrâldbeker

01 feb 2019 - 16:50

Reedrydster Reina Anema fan De Gordyk is by de wrâldbekerwedstriden yn Hamar yn Noarwegen op in njoggende plak einige op de 3000 meter. Hjirmei kwalifisearret se har foar de finaleronde.

Reina Anema wurdt fiifde op it NK Allround - Foto: Orange Pictures

De 3000 meter waard by de froulju wûn troch Martina Sábliková. Bêste Nederlanner wie Esmee Visser op in fjirde plak. Antoinette de Jong die net mei oan de 3 kilometer, om't se de fokus lizze wol op de WK ôfstannen fan takom wike yn Inzell. Dêrtroch sakket se yn it klassemint, en is se foar de wrâldbekerfinale earste reserve.

De finaleronde wurdt letter dit seizoen op 9 en 10 maart ferriden yn Salt Lake City.

(advertinsje)