Gjin stakings metaalwurkers kommende moandei

De al oankundige staking fan metaalwurkers yn Fryslân giet moandei net troch. De ferskate fakbûnen hawwe in prinsipe-akkoart ûndertekene foar de cao Metaalelektra (grutmetaal) mei wurkjouwersorganisaasje FME. Hjirmei komt foarearst in ein oan moannenlange stakingen troch it folsleine lân.
Staking yn de metaalsektor © Pieta de Vries
De bûnen en wurkjouwers binne in leansferheging oerien kaam fan gemiddeld 3,5%. Boppedat komt der in generaasje 'pact'. Hjirtroch kinne âldere wurknimmers de gelegenheid krije om minder te wurkjen en sûn harren pensjoen te heljen. Dit soarget der tagelyk foar dat de jongerein de kâns krijt op fêst wurk.
Yn Fryslân giet it bygelyks om in bedriuw lykas Damen Shipyard.