Sam Hendriks bliid mei Cambuur: "Club gaf me het beste gevoel"

De nije spits fan SC Cambuur, Sam Hendriks, stie freedtemoarn foar it earst op it trainingsfjild yn Ljouwert. Tongersdeitejûn waard bekend dat Cambuur him hiert fan OH Leuven. "Ik ben blij dat ik hier ben", seit Hendriks.
Sam Hendriks bliid mei Cambuur: "Club gaf me het beste gevoel"
It duorre oant 20.00 oere tongersdeitejûn foardat de tydlike oerstap fan Hendriks definityf makke waard. Dat hat te krijen mei dat de spits earst net fuort mocht fan syn Belgyske klup. "Aan het begin van de transferperiode mocht ik niet verhuurd worden. In de laatste week was het zo uitzichtloos, dat ik verhuurd mocht worden. Gelukkig is het nog rond gekomen", fertelt Hendriks nei syn earste training. "Ik ben blij dat ik hier ben. Het is lekker om weer in Nederland op het veld te staan."
Cambuur wie net de iennige klup dy't belangstelling hie foar Hendriks. Ek Almere City hat om tafel sitten mei de Doetinchemmer. Dochs foel syn kar op de Ljouwerters. "Cambuur gaf me vanaf het begin het beste gevoel. Dat heeft me hier gebracht. Ik vind het mooi om voor dit publiek te spelen. En Cambuur is een voetballende ploeg, dat ligt me ook. We gaan voor de play-offs!"
© Dijksfotografie

OH Leuven

Yn de simmer fan 2018 makke Hendriks de oerstap fan Go Ahead Eagles nei OH Leuven yn België. It like in moaie transfer en yn it begjin koe hy ek rekkenje op in soad minuten, mar nei ferrin fan tiid feroare dat. "De resultaten werden wat minder en de trainer wijzigde de ploeg op zes, zeven posities. We speelden meer de lange bal en ik ben niet het type dat 1.95 meter is en alle kopduels wint. Ik ben uit de basis verdwenen, dan kom je in een negatieve spiraal terecht en daarna belandde ik zelfs op de tribune."
Konsekwinsje is dat de âld-spits fan Jong Ajax en Go Ahead Eagles de lêste tiid hast gjin wedstriden mear spile hat. Dochs soe hy oankommende moandei, as Cambuur út spilet tsjin Jong AZ, yn aksje komme kinne. "Ik ben in principe speelklaar. Ik mis wel ietsje ritme, maar dat zal snel goed komen."
Sam Hendriks bliid mei Cambuur

Hake is bliid

Cambuur socht in spits dy't der fuortendaliks stiet en de ploech fan goals foarsjen kin. Neffens trainer René Hake is Hendriks sa'n type: "Hij is een spits die goed goals kan maken, ja. Bovendien is het een speler die in het positiespel een goede rol kan spelen. Het is een intelligente speler." Mooglik dat Hake syn nije spits moandei yn de wedstriid tsjin Jong AZ al minuten meitsje lit. Want Hendriks is net helle om de reservebank waarm te hâlden, fertelt Hake. "Je haalt hem niet voor niets, dus uiteindelijk moet hij gaan spelen. Dat hoeft niet ten koste te gaan van andere spelers. We moeten kijken wat het meeste rendement oplevert, want daar gaat het uiteindelijk om."
René Hake bliid mei Sam Hendriks