Soargen by steatefraksje VVD oer takomst oantal flechten traumahelikopter

01 feb 2019 - 13:56

De steatefraksje fan de VVD makket him soargen oer de takomst fan it oantal flechten fan de traumahelikopter op fleanbasis Ljouwert.

In traumahelikopter. - Foto: ANP

De fraksje freget him ôf oft de helikopter hinder ûnderfine kin fan de regels omtrint de lûdsbelêsting. Om't it fleanferkear fan de traumahelikopters meiteld, wurdt yn alle fleanbewegingen fan de fleanfjilden, kin it sa wêze dat it oantal flechten beheind wurdt.

Dit kin gefolgen ha foar it oantal flechten fan de Waadhelikopter as foar de militêre flechten. De Waadhelikopter telde it ôfrûne jier al hast 700 flechten. De VVD hat de fragen dellein by it kolleezje fan deputearre steaten.

(advertinsje)
(advertinsje)