Freedsmerk oer 'Klimaatspijbelje': "Dy bern moatte gewoan nei skoalle!"

01 feb 2019 - 13:33

"Dy bern moatte gewoan nei skoalle; demonstrearje kin wol yn eigen tiid!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it saneamde 'klimaatspijbelje'.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster op 'e freedsmerk oer it spijbelje foar it klimaat

Foar takom tongersdei is in grutte demonstraasje fan skoalbern oankundige om mear omtinken te freegjen foar it klimaat. Minister Slob hat him posityf útlitten oer de belutsenheid, mar aksjes ûnder skoaltiid ôfwiisd.

Op de merk hie hy wol in tal meistanners. Minsken dy't har twivels hiene oer de nommele doelen: "Ze denken gewoon: lekker een extra vrije dag!", en immen út it ûnderwiis dy't de lessen op skoalle gewoan te belangryk fynt om te missen: "Demonstrearje kin ek wol op op sneon.'

De measten stiene lykwols posityf foar de aksje oer. "Moai dat se meilibje, boppedat is it harren takomst. It giet har in meast oan." En: "Op sneon krije se gjin omtinken en mei in spijbelaksje troch de wike wol. Tûk!"

Ek wiene der in soad reaksjes fan minsken dy't eartiids sels ik wolris stikem in les mist hiene. "Net foar it goeie doel, mar foar mysels..."

Trefwurden: 
klimaat freedsmerk skoalle
(advertinsje)