'Mijn Tafel' yn Snits moat ferhúzje of slute

01 feb 2019 - 12:55

De winkel 'Mijn Tafel' yn Snits moat ferhúzje of slute, om't it gebou dêr't de winkel no sit net in detailhannelsbestimming hat. Neffens eigeneres Marlies van Steen is dit mooglik de deastek foar har winkel.

'Mijn Tafel' yn Snits moat ferhúzje of slute

Van Steen hopet dat se noch in skoftke yn har winkel sitten bliuwe mei, yn elk gefal oant de simmer. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân naam koartlyn it beslút dat se ferhúzje moat nei it sintrum, om't op it gebou dêr't se no sit gjin detailhannelsbestimming leit. Neffens Van Steen is de hier yn it sintrum foar har konsept te heech en faak is de romte te lyts.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It gebou oan de Oppenhuizerweg dêr't se no sit wie earder in showroom foar motors en scooters en kostet ûngefear de helte fan in winkel yn it sintrum. Van Steen wist net dat op har winkel gjin detailhannelsbestimming lei en begrypt dat se har hjiroer better ynformearre moatten hie. Mar se snapt net dat se sa fluch ferhúzje moat.

Takom tongersdei is der noch in petear mei de gemeente. Van Steen hopet dat dêr in kompromis út rôlje sil.

Mijn Tafel is in konsept dat oerwaaid is út Finlân en liket op de kringloopwinkels. Minsken kinne yn de winkel in tafel hiere om dêr harren eigen spullen te ferkeapjen. De opbringst foar de winkel leit net yn de ferkeap fan de artikels mar yn de opbringst fan de ferhierde tafels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)