Gjin degradaasjestress by SC Hearrenfean

01 feb 2019 - 12:39

De seleksje fan SC Hearrenfean reizget sneon nei Arnhem. Dêr spilet de ploech tsjin Vitesse, de nûmer fiif fan de earedifyzje. Hearrenfean stiet noch mar trije punten boppe de degradaasjestreek.

Dochs hat Michel Vlap gjin lêst fan degradaasjestress. "Ik begrijp dat jullie dat denken, maar bij ons zijn er geen zorgen", sa seit Vlap. "We hebben een moeilijk programma, maar we zijn in Arnhem zeker niet kansloos."

Michel Vap as linksbûten

Hearrenfean ferlear ferline wike kânsleas mei 0-2 fan AZ. Hearrenfean hie yn dy wedstriid gjin inkelde doelpoging tusken de peallen. Omdat Arber Zeneli no yn Frankryk (Stade de Reims) fuotballet, spile Michel Vlap oan de linkerkant. Opfallend, omdat de Snitser dit seizoen mei mar leafst 8 doelpunten in soad yndruk makket as oanfallende middenfjilder. "Natuurlijk vind ik mezelf een echte "nummer 10", maar je speelt altijd in dienst van het elftal, zo simpel is het", sa seit Vlap.

Nije spilers

Hearrenfean hat him yn de ôfrûne transfermerk fersterke mei Ajax-oanfaller Dennis Johnsen en de beide ferdigeners Andreas Skovgaard en Ibrahim Dresevic. Jan Olde Riekerink liet trochskimerje dat de trije oanwinsten tsjin Vitesse net gelyk yn 'e basis úteinsette.

Vitesse hellet foaral de punten yn de thúswedstriden. Mar leafst 20 fan de 29 punten waarden helle yn it eigen Gelredome. Fan de lêste fiif thúswedstriden waard der fjouwer kear wûn. Yn de earste seizoenshelte wist allinnich Ajax te winnen yn Arnhem.

De lêste kear dat Hearrenfean trije punten út Arnhem meinaam, wie op 14 maart 2010. Troch in doelpunt fan Roy Beerens, tsjintwurdich spiler fan Vitesse, einige de wedstriid yn in 0-1 oerwinning.

(advertinsje)
(advertinsje)