Kankerferwekkend groom-6 op fjoertoer fan Flylân

01 feb 2019 - 12:12

Op de fjoertoer fan Flylân is it kankerferwekkende groom-6 oantroffen. Rykswettersteat stelt de wurksumheden oan de fjoertoer dy't opknapt wurdt foarearst út en wachtet op stabyl waar dizze maitiid.

Kankerferwekkend Groom-6 op fjoertoer fan Flylân

It betsjut dat de toer oant septimber ticht bliuwt. Oft dat wat te krijen hat mei de ûntdutsen groom-6 is net dúdlik. Rykswettersteat hat de gemeente Flylân wol witte litten de toer hielendal ynpakke te wollen mei plestik om alle ferve der ôf te heljen.

It is guod dat je net ynazemje wolle.

Boargemaster Tineke Schokker

De gemeente Flylân is troch Rykswettersteat op 'e hichte brocht fan it útstelde wurk oan de fjoertoer. Boargemaster Tineke Schokker wit pas sûnt koart dat it giet om ferve mei groom-6. Se hat alle betrouwen yn de deskundichheid fan de minsken dy't de ferve fan de fjoertoer ôf helje sille. "De oanpak is goed trochpraat. It is guod dat je net ynazemje wolle."

Politike reaksjes

Fraksjefoarsitter Dick Visser fan de partij Nieuw Liberaal Vlieland wie noch net op 'e hichte fan it nijs, mar sjocht der net fan op. "Ze hadden het eerder beter moeten onderzoeken en regelen, want nu blijft de vuurtoren een hele tijd dicht en dat is jammer."

Ek Jan Doeke Tammes, fraksjefoarsitter fan Algemeen Belang Vlieland, fynt it spitich dat de groom-6 sa let oan it ljocht komt, wylst de toer al yn de stegers stiet. "Maar het is even niet anders. Ik houd het erop dat het voortschrijdend inzicht eerder had gemogen. Ik hoop dat het allemaal zonder teveel vertraging af komt."

Neffens fraksjefoarsitter Hedwig de Lang-Rodenhuis fan GroenWit gie it geroft oer de stof op de toer al by it skjinmeitsjen derfan. "Ik heb het zijdelings gehoord, maar niks officieel. Ik ken de verdere achtergronden niet, dus ik kan er verder niets over zeggen."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Oant septimber sletten

De fjoertoer stiet al sûnt ôfrûne hjerst yn de stegers. De âlde ferve moat der ôf helle wurde. Dat is earst besocht mei stoom, mar dêrmei is it net slagge alle âlde ferve der ôf te krijen. No sil der strield wurde moatte. Earder wie oan fjoertoerpachter Germ Veenstra trochjûn dat it wurk foar krysttiid fan 2018 klear wêze soe, mar no docht bliken dat it wol oant septimber duorje sil. De fjoertoer is net tagonklik foar toeristen dizze simmer.

"Chroom-6 is een gevaarlijke stof die na blootstelling, op termijn kan leiden tot ernstige gezondheidsschade in de vorm van kanker of een nadelig effect op de voortplanting.Bij werkzaamheden aan chroomhoudende metalen of chroomhoudende coatings kunnen medewerkers worden blootgesteld aan chroom-6. Dit kan zowel via inhalatie als via de huid gebeuren", seit it Ministerie van Sociale Zaken en Werkgelegenheid oer groom-6.

Trefwurden: 
Flylân groom-6 fjoertoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)