Koloanjes meitsje kâns op Geschiedenis Online-priis

01 feb 2019 - 11:55

De Koloanjes fan Weldadigheid yn Frederiksoard meitsje kâns op de Geschiedenis Online-priis. Tongersdei koe foar it lêst stimd wurde. De priis wurdt om it jier útrikt troch de Koninklijke Bibliotheek en DE REE Archiefsystemen. Dy wolle dêrmei it gebrûk fan ynternet foar de skiednis oanmoedigje en goede ideeën beleane foar websites, apps en oare digitale tapassingen op it mêd fan skiednis. Der binne njoggentûzen stimmen útbrocht en der wiene 96 kandidaten.

Famylje yn de proefkoloanje - Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Minne Wiersma fan de Maatschappij van Weldadigheid fynt it spannend, omdat de organisaasje op de webside meldt hat dat fiif kandidaten, wêrfan't de Koloanjes ien is, hiel ticht byinoar sitte. "Ik fyn it ek moai dat de minsken neist in stim ek in motivaasje jaan moasten. Ut it hiele lân wei sjogge jo no entûsjaste reaksjes op ús projekt."

De Koloanjes binne nei in seleksje yn de top 10 kaam. Der wiene ûnder de 96 kandidaten noch fiif nominaasje mei in Fryske achtergrûn: finzenis de Blokhúspoarte, de webside Friesland en het Friese Volk, Heerenveen-Midden, de Ontdekking van de Vrije Friezen en de Fryslân Roots Guide. Dy stean net yn de top 10. De trije bêste websites of apps winne úteinlik in priis en dy wurdt op tongersdei 7 febrewaris útrikt yn de Koninklijke Bibliotheek yn Den Haag.

(advertinsje)
(advertinsje)