Tichtslykjen rekreaasjeplas Nannewiid by Aldehaske oanpakt

01 feb 2019 - 11:34

Der moat gau wat dien wurde oan it tichtslykjen fan it Nannewiid, de natuer- en rekreaasjeplas by Aldehaske. Oer in pear jier kinne minsken net langer swimmend nei de oare kant, mar moatte se der oerhinne rinne.

Foto: Nannewiid

Der is dêrom in stichting oprjochte dy't op koarte termyn mei in plan fan oanpak komt. It is in inisjatyf fan rekreaasjeferiening fan it Nannewiid, dy't hjir al jierren dwaande is. Neffens foarsitter Jan Ykema is efterstallich ûnderhâld it grutste probleem. De plas is yn 1994 foar it lêst útbaggere, mar dêrnei is der neat mear oan ûnderhâld dien.

Mei de nije stichting moat dat oanpakt wurde. De stichting is yn petear mei de gemeente, provinsje, Steatsboskbehear en oare belanghawwenden. Foar it baggerjen op himsels is gjin jild beskikber. Dêrom kiest de stichting foar in bredere oanpak om foar meardere subsydzjes yn oanmerking te kommen.

Sa wolle se oanslute by it inisjatyf Feannetië dat It Hearrenfean op de kaart sette moat as wettersportplak en by de plannen om de Tsjûkemar oan te pakken. It Nannewiid soe foar elektryske sloepen in ferbining foarmje kinne tusken It Hearrenfean en de Tsûkemar. It Nannewiid soe dêrneist ek as wetterbassin brûkt wurde kinne, mocht der wer in hjitteweach komme.

Jan Ykema fan de stichting

(advertinsje)