De transfermerk is ticht: hoe stean SC Hearrenfean en Cambuur der no foar?
De transfermerk is sluten. SC Hearrenfean en SC Cambuur hawwe beide nije spilers en der giene ek guon fuotballers fuort. Hoe stean de teams der no foar?
SC Hearrenfean, in petear mei Arjen de Boer
It wie in drokke lêste wike foar SC Hearrenfean op de transfermerk.
"Der is in soad bard. De technysk manager Gerry Hamstra hat altyd sein dat Hearrenfean earst ferkeapje moast, foar hy de transfermerk op koe. Jo kinne ek sizze: hy moast earst de miskeapen fuort dwaan. Tink oan Dave Bulthuis, Marco Rojas en Nicolai Naess. De grutte man dy't fuort is, is Arber Zeneli. Hy is foar fjouwer miljoen euro ferkocht oan Stade de Reims yn Frankryk. Doe koe Hamstra de merk op. Hearrenfean is wer op de Skandinavyske toer gien, mei spilers as Skovgaard en Dresevic. En dan is der noch Dennis Johnsen, de ferfanger van Zeneli. Hy waard earder ferkocht oan Ajax, mar is no werom, mei in opsje ta keap."
No ûntbrekt noch ien namme: Morten Thorsby. Hy soe ek fuort.
"Dat is in ferfelend ferhaal foar Hearrenfean. Hy giet oan de ein fan it seizoen nei Sampdoria yn Italië. It ferhaal is bekend: Thorsby gie sûnder tastimming fan Hearrenfean nei Italië en is doe weromsetten nei de beloften. Dat is hiel ferfelend, want der is gjin oplossing. Hearrenfean moat no in spiler betelje wêr't sy neat mear oan hawwe. Nei it wykein sil Hamstra in petear ha mei Thorsby. Ik hoopje op in sjike oplossing."
En fierder?
"Der wie tongersdei noch sprake fan dat Yuki Kobayashi oerstappe soe nei de Deportivo La Coruna út de Spaanske kompetysje. Mar it bleau by kontakt mei de saakwaarnimmer, der is nea echt in bod kaam fan de klup. Dat koe gau de jisketonne yn. Hearrenfean woe Reece Oxford noch hiere, mar dat gie ek net troch (Oxford is no ferhierd oan Augsburg yn Dútslân, red.). Yn syn plak kaam Dresevic, in freon fan Zeneli. Sy hawwe beiden by Elfsborg spile. Hy is tige entûsjast oer Dresevic. Vaclav Cerny fan Ajax koe ek, mar hy woe leaver by de beloften fan Ajax bliuwe."
Is Hearrenfean der better op wurden?
"Dy nije jonges moatte noch wenne oan de earedifyzje. Johnsen kin goed fuotbalje, dat hat hy earder sjen litten by Hearrenfean, yn de tarieding op it seizoen yn 2017. Mar hy hat noch nea echt yn de earedifyzje spile. It is noch lestich te sizzen oft Hearrenfean better wurden is."
Wa hat SC Hearrenfean helle?
Spiler | Posysje | Klup |
Andreas Skovgaard | Ferdigener | FC Nordsjaelland |
Dennis Johnsen | Oanfaller | Ajax (hier, mei opsje ta keap) |
Ibrahim Dresevic | Ferdigener | IF Elfsborg |
Wa is fuortgien by SC Hearrenfean?
Spiler | Posysje | Klup |
Dave Bulthuis | Ferdigener | Ulsan Hyuandi FC |
Arber Zeneli | Oanfaller | Stade de Reims |
Jordy Bruijn | Middenfjilder | NEC (hier) |
Marco Rojas | Oanfaller | Sønderjyske |
Nicolai Naess | Ferdigener | Sarpsborg 08 |
Tafelpetear oer de transfers fan SC Hearrenfean
SC Cambuur, in petear mei Andor Faber
Hoe stiet Cambuur der no foar?
"It hat even duorre, mar it liket no wol goed. It grutte doel wie in nije spits. Se ha it spannend makke, want fjouwer oeren foar de deadline wie it pas rûn mei Sam Hendriks. Mar dat is net samar ien: hy hat yn it ferline sjen litten dat hy goals meitsje kin en hat yn de jeugd ek by Ajax spile. Hendriks wurdt no hierd fan it Belgyske Leuven. Dat is wol in oanwinst. En Kevin Jansen, in middenfjilder, hat syn wearde al sjen litten."
Doe't Hendriks kaam, wie wol dúdlik dat Karim Rossi, in oare spits, fuort moast. Terjochte?
"Hy wie twadde spits efter Nigel Robertha. Hy koe no en dan tsien minuten meidwaan. Kinst him miskien noch ynbringe as jo efter stean, mar dit is in logyske kar."
Wurdt Hendriks daliks earste spits?
"Hy hat yn België net in soad spile, mar se helje him net foar de bank, lit dat dúdlik wêze. Hendriks fertsjinnet goed yn België en Cambuur sil dêrfan ek in part betelje. Mar wurdt Robertha dan it slachtoffer? It kin ek sa wêze dat trainer René Hake oars spyljen giet. Robertha kin miskien op tsien, rûn Hendriks. Hake kin ek wer 4-4-2 spylje, mei twa spitsen dus. Dat hat hy earder ek al dien."
Justin Mathieu is net fuort. Dat woe Cambuur eins wol.
De seleksje is foar in part opromme. Schils is fuort, Rossi is nei Telstar en ek El Baad is der net mear. Mathieu is der noch, dat kloppet. Syn situaasje is ferlykber mei dy fan Morten Thorsby by Hearrenfean. Beiden binne werom setten nei de beloften. Dêr dogge je net ien wille mei. As hy him goed hâldt by de beloften, kinne je him miskien wer by de earste seleksje helje. It bliuwt in goeie fuotballer."
Mar wol ien dy't al trije kear troch Cambuur skorst is...
Hy is straft en moast oant 1 jannewaris by de beloften spylje. Cambuur kin him dêr wol hâlde, mar hy sit dêr oaren ek yn it paad mei harren ûntwikkeling."
Wa hat SC Cambuur helle?
Spiler | Posysje | Klup |
Kevin Jansen | Middenfjilder | NEC |
Sam Hendriks | Oanfaller | Leuven (hier) |
Matías Jones | Oanfaller | Gjin |
Wa is fuortgien by SC Cambuur?
Spiler | Posysje | Klup |
Mathias Schils | Middenfjilder | KMSK Deinze |
Karim Rossi | Oanfaller | Telstar |
Omar El Baad | Ferdigener | Noch net bekend |
Rutger Etten | Middenfjilder | HHC Hardenberg |
Cody Claver | Ferdigener | AFC |