Keamerfragen oer boetebelied fersteuren natuer Waadsee

01 feb 2019 - 11:21

De Partij voor de Dieren (PvdD) hat yn de Twadde Keamer fragen steld oan minister Carola Schouten oer it berjocht fan Omrop Fryslân earder dizze wike, oangeande it boetebelied foar it fersteuren fan de natuer op de Waadsee.

In mokselfangynstallaasje by Skylge. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De PvdD wol witte yn hoefier't de minister op 'e hichte is fan de hanthaveningsproblemen. Op dit stuit wurde der gjin boeten mear útdield yn de Waadsee foar it fersteuren fan de natuer. Net omdat de natuer net mear fersteurd wurdt, mar omdat de wetjouwing dy romte net jout. Ek is der in kapasiteitsprobleem.

De partij wol ek graach befestige hawwe dat de ministearjes, plysje, it Iepenbier Ministearje en de provinsje yn oerlis binne oer in oplossing, mar dat dy der noch net is.

(advertinsje)
(advertinsje)