Dronken man smart eigen bloed op plysjes yn Ljouwert

01 feb 2019 - 11:01

De plysje yn Ljouwert wie tongersdeitenacht drok mei dronken stappers. In 26-jierrige Grinzer is oanhâlden nei't hy plysjes ûnder syn eigen bloed smard hie.

Foto: Plysje Ljouwert

De man waard út in kafee oan it Ruterskertier set. Hy siet ûnder it bloed en wie opstannich nei de plysjes ta. Hy smarde de plysjes ûnder syn eigen bloed. De man waard meinaam nei it sikehûs, dêr't syn wûn hechte is. Dêrnei moast hy mei nei it plysjeburo.

In 21-jierrige Ljouwerter mei him foarearst net sjen litte yn twa kafees yn de Alde Doelesteech yn syn wenplak. De man wie al in kafee útset fanwegen ferfelend gedrach, doe't hy yn in oar kafee om him hinne begûn te slaan. Hy waard ek dit kafee útset en troch de plysje oanhâlden. Om't der gjin oanjefte tsjin de man dien waard, bleau it by in hoarekaferbod foar de beide kafees.

In 21-jierrige drankrider út Wageningen is moarns betiid oanhâlden. De man hearde by in groep dy't aardich dronken wiene. Se hiene oanjûn dat se mei de auto fuort soene. In portier warskôge derop de plysje. Dy trof de groep oan op de Willemskade, mar de manlju seine dat se net ride soene. Doe't de plysjes de auto efkes letter dochs sûnder ferljochting riden seagen, is dy fuort oan de kant set.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert bloed
(Advertinsje)
(Advertinsje)