53-jierrige Fries deastutsen yn Kolombiaanske stêd Cali

01 feb 2019 - 09:58

In 53-jierrige ynwenner fan de gemeente Dantumadiel is ôfrûne moandei deastutsen op in strjitte yn de Kolombiaanske stêd Cali. De man siet yn in hotel yn in relatyf goede buert yn de stêd.

Foto: Shutterstock.com

Hy gie neffens Kolombiaanske media om fiif oere moarns fuort. Efkes letter waard hy op strjitte fûn mei meardere stekwûnen yn de boarst. Wêrom't de Fries delstutsen is, wurdt noch ûndersocht. Kolombiaanske media sitearje in hotelmeiwurker dy't ferklearret dat de Fries persoanlike problemen oplosse moast.

Hy wie sûnt desimber yn Kolombia. Cali stiet bekend as in gewelddiedige stêd: dit jier kamen al 58 minsken troch geweld om it libben. In jier lyn kamen der yn jannewaris noch mear as 100 om troch geweld.

Trefwurden: 
Dantumadiel Cali Kolombia
(advertinsje)
(advertinsje)