Kollum: "Alderwetske striders"

01 feb 2019 - 08:32

"Doe't ik in bern wie, belibbe ik aventoeren. Wy wiene altyd bûten en fûnen fan alles út. Fiskje, fierljeppe, farre of mei de hûn troch it lân strune. Skrikke fan de fazanten, wiete fuotten, kâlde hannen en hjir en dêr in blau plak: it hearde der allegearre by.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Yn 'e maitiid sochten wy om aaien, mar ik naam se net mei, want dat fûn ik begrutlik. Simmers swommen we yn 'e feart of foeren we yn 'e rubberboat nei de âlde mûne. Koest der troch in brede, tsjustere betonnen buis yn komme, tusken de spinnewebben nei boppe klimme en spannend dat it wie!

Hofkesjonge diene wy ek graach. Ik ha de hearlikste ierdbeien preaun, sa lekker ha 'k se yn 'e winkel nea mear keapje kinnen mar beltsjelelle en pylkjesjitte wie ek altyd moai om te dwaan. En dan ha 'k it noch net iens hân oer it bouwen fan hutten, it klimmen yn beammen of it springen oer sletten.

Doe't ik in bern wie, fytsten wy út skoalle nei hûs, gau wat drinken en in koekje, de âlde klean oan en hup, wer nei bûten. Krekt foar it jûnsiten wer thús, gau ite en hup wer nei bûten. Dat wie yn grutte linen it libben, want wy fleagen net fan it iene klupke nei it oare, dus fûnst sels wol wat út.

Ik sjoch werom op in prachtige jeugd! En dêr tocht ik efkes oan doe't ik in stik lies dêr't yn stie hoefolle oeren de measte bern hjoeddeis op in skerm sjogge yn stee fan bûten binne en hoe min dit is foar de ûntwikkeling. It is net goed foar de rêch, de hâlding en de eagen en echte sosjale kontakten binne der bytiden amper mear by. It hat ek ynfloed op de motoryk en it úthâldingsfermogen is, tegearre mei de koördinaasje, linichheid en snelheid, hurd efterút gien sûnt de jierren 80.

It skynt sels in negative ynfloed te hawwen op de hormoanen en omdat dy bern neat mear hoege te betinken, ek op de kreativiteit. Efter in skerm kinst miskien wol aventoeren belibje, mar dat is eins allinnich mar yn 'e holle en it gefoel, miskien. Mar ast yn beammen klimst, oer sletten springst en yn âlde mûnen omheisterest, dan bist mei it hiele liif dwaande. En ast mar faak genôch in boaze buorman efter dy oan hast, dan krijst fansels in goede kondysje.

Bern dy't bûten boartsje, moatte dingen ynskatte en risiko's nimme. Hoe breed is dy sleat? Hoe 'n grutte oanrin ha ik nedich om dêroer te springen? Hoe heech is dy garaazje en kin ik dêr fan de grûn ôf by opspringe en opklimme? En dan foaral net opjaan. Ik koe it úteinlik en as ik de kaai ferjitten wie, koe ik sa troch it sliepkeamersrút yn 'e hûs komme.

It bûten boartsjen wurdt hieltyd mear yn kaders brocht troch koaien, stekken en rubbertegels. Yn it wylde wei dyn gong gean sûnder in mins dy't der wat fan seit of de plysje bellet, is neffens my in útstjerrend fenomeen. Mar lokkich boartsje yn Warten noch wol in protte bern bûten. En sa út en troch komst hjir sels noch fan dy âlderwetske striders tsjin.

Sa as dy twa jonkjes dy't op in wetterkâlde, suterige dei iverich mei in grutte tûke oer in sompich gersfjild hinne en wer rûnen op rubberlearzens. Doe't ik in heal oere letter mei de hûnen werom kaam, wiene se noch oan 'e gong. 'Wat dogge jimme eins?' frege ik. 'Gersmeane!', sei ien fan harren fol fjoer en dêr waard ik sa bliid fan. Want sokke bern belibje noch aventoeren yn waar en wyn en libje dus echt."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)