Klaas Kielstra: der mei gjin diskusje wêze oer feiligens Ofslútdyk

01 feb 2019 - 08:28

Ek deputearre Klaas Kielstra wie net bliid doe't hy de brief fan minister Cora van Nieuwenhuizen seach, oer de problemen by de Ofslútdyk.

"It giet oer de feiligens fan minsken en de brêge moat gewoan hûndert persint feilich wêze", seit Kielstra. "Doe't ik de brief lies, stelde ik fêst dat de brêgen en sluzen net feilich binne. De klachten binne earnstich. Allinnich troch minsklik hanneljen binne der noch gjin ûngemakken bard."

Kielstra sil freed kontakt sykje mei de minister. "De brêge jout net goed oan as dy ticht sit as net. Dêr moatte wy gjin diskusje oer ha: der moat in garânsje wêze. Dat de brêgen ûnbetrouber binne, witte wy al. Mar dit is in kategory slimmer: it giet oer feiligens. Dat is echt net tastien."

Jacob Stelwagen yn petear mei deputearre Klaas Kielstra

Der moat neffens Kielstra in duorsume oplossing foar de takomst komme, it leafst mei oare brêgen. "Wy binne hieltyd dwaande om te sjen oft wy dy brêgen ek ferfange kinne en dit is de oanlieding om hiel skerp nei te sjen nei in oplossing. Dat moat no echt."

"As je der del ride, ha je altyd wol yn de holle: docht de brêge it wol? Dat moat net. Jo wolle bygelyks op tiid op Skiphol wêze om op it fleantúch te stappen De ferbining moat gewoan betrouber wêze."

Trefwurden: 
Ofslútdyk Klaas Kielstra
(advertinsje)
(advertinsje)