Aukje de Vries oer de Ofslútdyk: "Ik tocht: net wer"

01 feb 2019 - 07:50

"Ik tocht: net wer." Dat is de earste reaksje fan Aukje de Vries, dy't foar de VVD yn de Twadde Keamer sit, oer de problemen by de Ofslútdyk. De brêgen en sluzen binne net betrouber, dat skreau minister Cora van Nieuwenhuizen.

De draaibrêge by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De problemen komme troch in flater yn de software. Allinnich troch goed minsklik hanneljen binne der noch gjin ûngelokken bard. It ministearje is op de hichte en ûndersiket de oarsaken.

"Der ha earder problemen west mei de brêgen en sluzen", wit De Vries. "As it waarm is, moatte de brêgen kuolle wurde en der wiene problemen mei de printplaten. Ik bin bliid om te hearren dat der no gjin gefaarlike situaasjes west hawwe."

De Vries hat wol noed oer in passaazje út de brief fan Van Nieuwenhuizen, dy't giet oer opkearingen. Yn de kommende 1,5 oant 2 jier sil de dyk en miskien ek de farrûte fiif oant sân nachten opkeard wurde.

In stik út de brief: Om de objecten uiteindelijk aan alle eisen te laten voldoen, is meer tijd nodig mogelijk 1,5 - 2 jaar. Dit voorjaar wordt de (softwarematige) aansturing van een aantal kritieke veiligheidsfuncties hersteld. De huidige inschatting is dat de weg en/of vaarweg in deze periode maximaal 5 tot 7 nachten gestremd moet worden i.v.m. de noodzakelijk uit te voeren testen. In deze periode ontstaat ook meer zicht op de verder nog uit te voeren werkzaamheden en daarvoor benodigde uitvoeringsduur.

"Dat is ferskriklik lestich, want it is in wichtige dyk foar Fryslân. Wy wolle der by de minister op oantrúnje de opkearingen te beheinen. In soad minsken hawwe dêr lêst fan. En wy wolle witte oft dit probleem op himsels stiet as net. Kinne der mear brêgen wêze mei dizze softwareproblemen? Dit is hiel ferfelend foar de minsken, it moat oplost wurde."

Jacob Stelwagen yn petear mei Aukje de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)