De kommende oeren falt (in bytsje) snie
De kommende oeren sil yn Fryslân op in soad plakken snie en lichte snie falle. In sniefront, dat begûn yn Limburch, is fia de Rânestêd en Gelderlân nei it noarden ta gien.
It snijt net hiel hurd en der sil mar in lyts laachje lizzen bliuwe. It KNMI hat koade giel fanwege glêdens ôfjûn. Yn de middei sil it drûch wurde en is de sinne noch efkes te sjen. It wurdt 1 of 2 graden.