Auto yn de brân yn Snits
Yn Snits is yn de nacht fan tongersdei op freed in auto swier skansearre rekke troch in brân. De auto stie parkearre oan de Breewijd.
Troch rap yngripen fan de brânwacht, bleau de brân beheind ta it foarste diel fan de auto. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.