Hieltyd mear burn-outs troch tanimmende wurkdruk: "Ynienen woe it net mear"

31 jan 2019 - 22:51

Hieltyd mear minsken krije burn-out klachten. Benammen wurknimmers mei in fêst kontrakt rinne fêst. Dat docht bliken út de saneamde Arbo-Balans, dy't alle twa jierren ferskynt. It tal oerspande wurkjenden lei yn 2007 noch op 11 %, tsien jier letter sit dat op 16 %.

Foto: ANP

TNO, in Sintraal Buro foar de Statistysk, it Nederlânsk Sintrum foar Beropssykten en it Ryksynstitút ûndersykje en publisearje de Arbo-Balans mienskiplik. Alinda Talsma hie in leuke en goede, mar drokke baan. Troch in kombinaasje fan wurkdruk en swiere famylje-omstannichheden wie dat ynienen oer.

Alinda Talsma

"Doe wie it dúdlik dat it hielendal net mear gie. Ik wie ekstreem ûnrêstich en de konsintraasje woe ek net mear. Ik wie deawurch en koe net normaal mei ien prate. De dingen dy't ik die, moast ik hiel rêstich dwaan om it libben wer besykje op te pakken."

Terapy en yoga hat har der wer boppe-op holpen. En prate mei freonen en famylje.

Hoe soarge Alinda Talsma derfoar dat soks net wer bart?

"Soargje foar in stabile, noflike thúsbasis. Fierders bin ik no zzp'er."

Se hat ûntslach naam en is foar harsels begûn. Sa kin se sels bepale hokker opdrachten oft se docht en hoefolle oeren oft se deroan besteget. Se wikselet stressfolle dingen ôf mei rêstiger wurk.

"En ik soargje derfoar dat ik neist wurksumheden en de leuke dingen dy't ik doch, ek in soad thús bin om op te laden. Dat doch ik troch allinnich te wêzen."

Ien advys wol Alinda ús noch wol meijaan: "Sjoch nei wat foar dy belangryk is. It is foar elkenien wer oars. Do fielst sels wol oan wat foar dy fan belang is."

(advertinsje)
(advertinsje)