Elfwegentocht On Tour set útein op Skiermûntseach

De Elfwegentocht On Tour, it ferfolch op de Elfwegentocht 2018, set op 7 febrewaris op Skiermûntseach útein. Dêrnei lûkt de Elfwegentocht On Tour de provinsje yn.
© Omrop Fryslân
Skiermûntseach is op 7 febrewaris gasteilân fan in saneamde 'belibbingsdei'. De organisaasje wol minsken sels ûnderfine litte wat de foardielen wêze kinne fan fossylfrij ferfier. Se kinne yn de kunde komme mei elektryske auto's en fytsen en oare ferfiersmiddelen op grien gas en blauwe disel.
Letter giet de Elfwegentocht On Tour noch by oare Fryske plakken del, wêrûnder Akkrum, Ljouwert en De Jouwer.

Nije Elfwegentocht

Yn july 2018 gie in groep Friezen de útdaging oan om fjirtjin dagen lang gjin drip benzine te brûken, de Elfwegentocht. De Elfwegentocht On Tour is de tarieding op in nije echte Elfwegentocht, dy't yn 2020 holden wurde moat.