Thorsby net dizze winter noch nei Sampdoria

It is SC Hearrenfean net slagge om Morten Thorsby dizze winter noch te ferkeapjen oan Sampdoria. Technysk manager Gerry Hamstra hie de hoop dat de Italiaanske klup Thorsby dizze transferperioade noch oernimme woe, mar dat is net slagge. Yn Italië slút de transfermerk op 31 jannewaris om 20.00 oere.
© www.orange-pictures.nl
SC Hearrenfean sit wat mei Thorsby yn de maach. De middenfjilder waard heal jannewaris weromset nei it belofteteam, omdat er net opdaagjen kaam by de earste twa trainingen nei de winterstop. Hy siet doe yn Italië foar ûnderhannelingen mei Sampdoria.
De middenfjilder sil takom simmer de oerstap meitsje nei de Italiaanske klup. Hearrenfean hie dus graach sjoen dat dat earder koe.