Karim Rossi fuort by Cambuur: kontrakt wurdt ûntbûn
Sportklup Cambuur nimt ôfskied fan spits Karim Rossi. Nei oerlis tusken de klup en de spiler is besletten om it kontrakt te ûntbinen.
De Switser mocht fan Cambuur by de klup wei, mar net earder as dat de Ljouwerters sels in nije spits hiene. Dy hawwe se no: Sam Hendriks wurdt foar in healjier hierd.
Rossi spile sûnt it seizoen 2017/2018 foar Cambuur. Dit seizoen skoarde Rossi fiif kear yn tweintich kompetysjewedstriden. Hy hat in kontrakt tekene oant de ein fan it seizoen by Telstar.
Gjin transfers mear
Mei it binnenheljen fan Hendriks en it fuortgean fan Rossi is Cambuur klear foar de twadde seizoenshelte. De Ljouwerters sille gjin nije spilers mear helje. De transfermerk slút tongersdeitenacht om tolve oere.