Motorblok yn Fries Museum moat ambachten opnij yn de belangstelling bringe

In motorblok mei 295 ûnderdielen fan hout, keramyk en koper: it is ien fan de pronkstikken fan de nije útstalling Fenduq yn it Fries Museum. It motorblok is ûntwikkele troch de Belgyske keunstner Éric van Hove. It stiet foar de yndustrialisaasje dy't yn in soad lannen de ein betsjutte fan de klassike ambachten. Foar ambachten en fakmansskip moat mear omtinken komme, fynt Van Hove. Ek yn Fryslân.
© Fries Museum
Fryske en ynternasjonale ambachtslju wurkje de kommende moannen gear om in Frysk motorblok om te tsjoenen ta in keunstwurk. Allegearre om de oandacht te festigjen op de soargen dy't se diele: de delgong fan it ambacht. Fan de lytste skroefkes oant de silinderkop: alle ûnderdielen fan it motorblok wurde mei de hân makke.
Van Hove waard yn 1975 berne yn Guelma yn Algerije. Syn heit en mem binne Belgyske yngenieurs dy't harren ynsette foar ûntwikkelingsprojekten. Doe't er 14 jier âld wie, ferfear de húshâlding werom nei België. Van Hove wennet no yn Marrakesh dêr't er syn atelier hat.
Eric van Hove

In motor mei Frysk keramyk, Marokkaansk koper en glês út Sweden

It Fryske blok wurdt makke nei foarbyld fan in Claas Jaguar-fjildhakseler. De lânboumasine is in protte yn de Fryske greiden werom te finen. Mei Marokkaansk houtwurk, Hylper skilderwurk, Yndonezysk snijwurk, Frysk sulverwurk en Sweedsk glêswurk wurdt it in echt ynternasjonaal projekt.
Ien fan de Fryske ambachtslju dy't deroan wurkje sil, is Lies van Huet. "Ik vergelijk mijn stuk van de motor met een soort propeller of een ventilator. Ik heb geen idee wat precies de functie is van het ding", fertelt se. Lies sil it ûnderdiel fan keramyk meitsje. "Maar dan is hij nog niet klaar. Hij gaat nog naar Marokko voor koperen onderdelen en de schroef wordt gemaakt met glas uit Zweden."
© Fries Museum

"Het oude ambacht wordt de laatste jaren in ere hersteld"

Van Huet is har hiele libben al yn de ban fan âlde ambachten, mar hat pas tsien jier ferlyn besluten om dêr har wurk fan te meitsjen. Se hat it idee dat der wol hieltyd mear fraach nei en ferlet is fan ambacht.
"We zijn klaar met de koopcultuur en willen geen lopendebandwerk meer. Wat ik maak, doe ik met liefde en mensen zoeken steeds meer naar unieke bezittingen."
It probleem is wol dat der nei oanlieding fan fergrizing in grut tekoart is oan ambachtslju. De skattingen foar de kommende tsien jier rinne útien fan 250.000 oant hast in heal miljoen fakatueres yn de ambachtssektor.

Nije ambachtsopliedingen

In protte ambachtsopliedingen binne ophâlden en der wurdt alles dien om de jongerein fêst te hâlden. Op it Friesland College is dêrom de oplieding 'Creatief Vakman' úteinset, dêr't Van Huet dosinte is.
"Het is een opleiding waarin studenten met oude ambachtstechnieken nieuwe concepten leren maken. Ik geef ze les in keramiek 10 weken lang."
Neffens Van Huet is der krekt yn dizze tiid ferlet fan sok wurk. Jongeren hawwe in soad ynteresse yn mei de hannen te wurkjen yn it digitale tiidrak, fertelt Van Huet.
It moat unyk bliuwe.
Berber Jouta, learling Friesland College
"Ik kan er al mijn fantasie en creativiteit in kwijt", seit Deirdre Bekkema dy't op it Friesland College de oplieding foar kreatyf fakman folget. "Ik ben er niet alleen op school mee bezig, maar ook daarbuiten. Het is gewoon een passie."
Learling Berber Jouta fan it Friesland College fynt it wichtich dat der minsken binne dy't it hûs ynrjochtsje mei meubels dy't mei de hân makke binne en dy't net produsearre binne troch fabriken. "It moat unyk bliuwe."
"Ik vind het mooi dat je zichtbaar resultaat heb. Je zit niet de hele dag achter een laptop. Mooi dat je je creativiteit erin tot uitdrukking kan brengen. Er moeten mensen blijven die onze huizen bouwen en er moeten meubels gemaakt worden", seit mei-learlinge Jari Ravensberg.

Fryslân DOK

Fan 2 febrewaris ôf is de tentoanstelling Fenduq te sjen yn it Fries Museum. Omrop Fryslân folget it hiele proses fan Lies van Huet en de oare ambachtslju as sy it motorblok yn in keunstwurk meitsje. De bylden wurde ein dit jier útstjoerd yn Fryslân DOK.