SC Cambuur hiert spits Sam Hendriks

31 jan 2019 - 20:03

Sam Hendriks is de nije spits fan SC Cambuur. Hy wurdt foar in healjier hierd fan Oud-Heverlee Leuven, in klup op it twadde nivo fan België. Hendriks kaam dêr hast net oan spyljen ta en mocht tydlik op syk nei in oare klup. Hy hat yn België noch in kontrakt foar 2,5 jier.

Sam Hendriks yn it shirt fan Go Ahead Eagles - Foto: www.orange-pictures.nl

De lêste jierren hat Hendriks yn de earste difyzje sjen litten dat er maklik skoare kin. Foar Jong Ajax makke er tusken 2013 en 2016 23 goals. By Go Ahead Eagles makke Hendriks yn twa seizoenen 24 doelpunten. Ofrûne simmer makke de Doetinchemmer de oerstap nei OH Leuven, mar in sukses waard dat net. Hy kaam oant no ta yn tolve wedstriden yn aksje.

Troch de komst fan Hendriks is de kâns grut dat Karim Rossi ferhierd wurdt. Der is belangstelling fan trije klups út de earste difyzje.

"Echte spits"

Technisch manager Foeke Booy oer Hendriks: "Sam is een echte spits en weet wat er gevraagd wordt in de eerste divisie. Dat in combinatie met zijn ervaring in Nederland en België maakt dat hij een welkome versterking is." Neffens Booy past Hendriks ek goed by de klup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)