Oanrydtiden ambulânsen yn Fryslân ferbettere

31 jan 2019 - 19:59

De oanrydtiden fan ambulânsen yn Fryslân binne better wurden. By meldingen fan de heechste urginsje moatte ambulânsen binnen 15 minuten op it plak wêze. Dat slagge yn Fryslân ferline jier yn 94,3% fan de gefallen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dêrmei stiet Fryslân yn de lanlike top 5 fan de fluchste oanrydtiden. Yn 2014 wie de saneamde prestaasjenoarm yn Fryslân noch 91,5%.

Dat it no better giet, hat der ûnder oare mei te krijen dat der ambulânseposten by kommen binne. No binne it 23, in pear jier lyn noch 18.

Súdwest-Fryslân

De Regionale Ambulancevoorziening (RAV) Fryslân, dy't yn Fryslân ferantwurdlik is foar de ambulânsesoarch, is mei soarchfersekerder De Friesland dwaande de soarch fierder te ferbetterjen. Dan giet it ûnder oare oer Súdwest-Fryslân, want dêr wiene de oanrydtiid yn ferhâlding it faakst heger as de noarm fan in kertier.

"We hebben lang gedacht dat de 95 procentnorm in onze dunbevolkte en logistiek lastige provincie niet haalbaar was", seit De Friesland-direkteur Steven Hofenk.

Trefwurden: 
ambulânse oanrydtiid
(Advertinsje)
(Advertinsje)