Sander Arends nei heale finale yn Quimper
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat him pleatst foar de heale finale fan it dûbeldspul fan Quimper. Yn de kwartfinale fan it challengertoernoai wûnen Arends en Tristan-Samuel Weissborn fan it Frânske duo Elliot Benchetrit en Geoffrey Blancaneaux.
Arends en de Eastenriker Weissborn setten goed útein en wûnen de earste set mei 6-2. De twadde set gie lykwols mei 6-3 nei de Frânsen en dus moast in supertiebreak bepale wa't nei de heale finale gie. Arends en Weissborn wûnen dy supertiebreak oertsjûgjend: 10-2.
It is noch net bekend tsjin wa't Arends en Weissborn yn de heale finale moatte.