Restauraasjewurk oan Feanster tsjerketoer úteinset

31 jan 2019 - 17:55

De restauraasje fan de tsjerketoer fan It Hearrenfean is bot nedich, omdat de laaien fan it dak nammentlik loslitte kinne. Dat kin foar gefaarlike situaasjes soargje. Fan nije wike ôf sil Dominicus Zijlstra as laaidekker oan de slach.

Yn desimber organisearre de roomske tsjerke op It Hearrenfean in crowdfunding-aksje. De tsjerke hopet dat net allinnich it roomske part fan It Hearrenfean bydrage wol oan de restauraasje, omdat de tsjerke foar de folsleine stêd in byldbepalend gesicht is.

(advertinsje)