Harnzer boargemaster slút loads yn ferbân mei drugssaak novimber

31 jan 2019 - 17:55

Yn Harns hat boargemaster Roel Sluiter in loads oan de Alde Trekwei slute litten, yn ferbân mei in oertreding fan de opiumwet. It hat te krijen mei de saak dy't yn novimber spile, doe't de plysje op ferskate plakken, wêrûnder yn Harns, ynfallen die en minsken oanhold.

Foto: Public Domain Pictures

"Er is nogal wat aangetroffen", seit boargemaster Roel Sluiter fan Harns oer de loads. "Grote hoeveelheden pillen, er zijn wikkels cocaïne aangetroffen, tegen de loods aan een container met een wietplantage gevonden, vuurwapens."

Nei de ynfallen yn novimber waarden sân minsken oanholden.

Roel Sluiter

(advertinsje)
(advertinsje)