Lytse suvelkoöperaasje iepenet doarren yn Dokkum

31 jan 2019 - 17:25

Yn it sintrum fan Dokkum is in nije suvelkoöperaasje úteinset. Yn ZUCO, want sa hjir de organisaasje, sit in boer, in sjef-kok en in banketbakker.

Yn it fabrykje is molke, yochert en sûpe yn flessen te krijen. It wurdt dêr ek yn de flessen dien. ZUCO makket ek kwark en iis. Fierders binne de eigeners (Sander, Wybe en Hindrik-Jan) boppedat ree om suvel te meitsjen fan in spesjaal koweras, as minsken dêrom freegje.

Minsken binne in klankboerd foar ús. Wy harkje nei harren tips en wize rie."

Ien fan de meiwurkers fan ZUCO

De finansiering fan ZUCO komt út obligaasjes sa't wy dy kenne fan in ambachtlike suvelkoöperaasje. Minsken kinne foar tûzen euro in obligaasje keapje. Dêrfoar krije se in startrinte fan 5 euro, útkeard yn weardebonnen fan 5 euro it stik. Dêrneist kinne obligaasjehâlders bygelyks ek in suvelworkshop folgje. "En se binne in klankboerd foar ús. Wy harkje nei harren tips en wize rie."

(advertinsje)
(advertinsje)