Omar el Baad fuort by SC Cambuur

Ferdigener Omar el Baad giet fuortendaliks fuort by Sportklup Cambuur. It kontrakt mei El Baad is nei ûnderling oerlis ûntbûn.
El Baad spile sûnt it seizoen 2015/2016 by SC Cambuur. Hy hat 36 wedstriden yn it earste alvetal spile, mar krige dit seizoen net mear in protte minuten.
De ferdigener rûn koartlyn staazje by Palanga yn Litouwen, mar in oanbod om dêr te tekenjen sloech er ôf.