Tatiana Pratley nije artistyk direkteur Tryater

31 jan 2019 - 16:17

Tatiana Pratley folget mei yngong fan 1 augustus 2020 Ira Judkovskaja op as artistyk direkteur fan Tryater.

Tatiana Pratley - Foto: Maurits Giessen

Pratley is hikke en tein yn Fryslân (Ljouwert 1985). Se hat fierder woartels yn Frankryk, Ingelân en Poalen. Se studearre Keunst, Kultuer en Media oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dêrnei die se de rezjyoplieding fan de teäterskoalle fan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten. Dêr studearre Pratley yn 2012 ôf.

Iepening LF2018

Nei de rezjyoplieding kaam Pratley by Tryater. Dêr die se in talintûntwikkelingstrajekt fan fjouwer jier. De ôfrûne jierren wie Pratley as gastregisseur ferbûn oan Tryater. Se wie ûnder oare meibetinker en ko-regisseur fan it iepeningswykein fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Mei Karel Hermans en Aukje Schaafsma rjochte Pratley yn 2015 teäterkollektyf Skoft&Skiep op dêr't se ferskillende projekten yn Ljouwert en omkriten mei realisearre.

Tryater wol mei de kar foar Tatiana Pratley de line trochsette: romte en fertrouwen biede oan in nije generaasje keunstners yn Fryslân.

(advertinsje)