Biblioteek en skoalle yn Jobbegea ûnder ien dak

31 jan 2019 - 15:41

Yn multyfunksjoneel sintrum De Kompenije yn Jobbegea sitte in basisskoalle, in berne-opfang en in sporthal. Wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean hat tongersdei ek de 'byb op skoalle' offisjeel iepene. Hy oerlange dêrby in plakette oan haadmaster Jouke Jansma.

Jobbegea hat biblioteek en skoalle ûnder ien dak

Jansma is der wiis mei dat de biblioteek en de skoalle ûnder ien dak sitte, omdat Jobbegea in regio is dêr't in soad minsken in taalefterstân ha. "Op skoalle binne wy dan ek in protte mei 'rikere taal' oan de gong", fertelt er.

"Wy sjogge dat it hjir oan taalefterstân leit en dat it wurket sa't se it hjir oanpakke. Om dat nochris te ûnderstreekjen, woene we der graach efkes by stilstean", seit wethâlder Jelle Zoetendal. "Ik fyn it ek hartstikke leuk om foar te lêzen." Hy mocht de bern tongersdei foarlêze.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie yn Jobbegea

Op skoalle wurde der ûnder oare foarlêswedstriden hâlden en der komme geregeld skriuwers del om lêsaktiviteiten mei bern te dwaan. Haadmaster Jansma: "Wy binne begûn mei it projekt skoalskriuwen. De lêskonsulint docht allegear aktiviteiten mei de bern."

(Advertinsje)
(Advertinsje)