Spesjaal ûnderwiis-skoalle De Caleidoscoop om leararetekoart nei leswike fan 4 dagen

31 jan 2019 - 14:55

Spesjaal ûnderwiis-skoalle De Caleidoscoop yn Ljouwert fiert fanwegen in leararetekoart tydlik in leswike fan fjouwer dagen yn. Twa Grinslanner skoallen fan deselde ûnderwiisorganisaasje, RENN4, dogge itselde.

Foto: Google Street View

RENN4 hat al sûnt de simmer sa'n fyftjin iepen fakatueren. Njonken learkrêften giet it om gedrachssaakkundigen en ynterne begelieders. "Het is steeds ingewikkelder om geschikte mensen te vinden", seit bestjoersfoarsitter Leendert de Boom.

Neffens De Boom is it tekoart sa grut dat in dei minder de iennige oplossing is. Ferfelend is it wol, seit er. "Je haalt leerlingen uit hun ritme en de leerlingen hier hebben juist behoefte aan structuur." De bern sitte no dus in ekstra dei thús. Dat betsjut neffens De Boom dat "we een extra appèl op de ouders doen."

Fjouwer groepen

Om tydlik oer te gean nei in koartere leswike, moast RENN4 wol in oanfraach dwaan. It duorret yn earste ynstânsje oant de foarjierfakânsje. By De Caleidoscoop giet it om fjouwer groepen: in groep 5, twa groepen 7 en in groep 8.

Leendert de Boom

(advertinsje)
(advertinsje)