Advysried wol ek nukleêre wapens yn F-35

31 jan 2019 - 13:28

De F-35 moat krekt as de F-16 kearnwapens ôfsmite kinne. Dat seit de Adviesraad Internationale Vraagstukken (AIV) yn in advys oan it kabinet. De nukleêre taak fan de F-16's is ûnderdiel fan de NAVO-ferplichting. De F-35 sil de kommende jierren de F-16 ferfange by de loftmacht.

Foto: Lockheed Martin

Yn 2014 wie in mearderheid fan de Twadde Keamer noch tsjin de nukleêre taak fan de F-35. Sûnt dy tiid binne de ynternasjonale ferhâldings lykwols bot feroare.

"Er zijn op dit moment negen landen die kernwapens hebben, waarvan twee grootbezitters: de VS en Rusland. Het is van belang om te weten dat Nederland schuilt onder die Amerikaanse atoomparaplu", fertelt âld-luitenant-generaal Marcel Urlings.

"Maar in Europa is er vooral dreiging van korteafstandswapens. Vooral Rusland heeft een relatief groot aantal, 1.500 tot 2.000. Rusland heeft nu ook een middellangeafstandsraket ontwikkeld, die heel Europa kan bereiken."

Ofskrikking

Nederlân is ien fan de fiif NAVO-lannen dy't, tegearre mei in squadron F-16's, bydraacht oan dy ôfskrikking yn NAVO-ferbân, om foar te kommen dat der ea wer kearnwapens ynset wurde. Dat Nederlân bydraacht, ûnderstreket dat ús lân de Feriene Steaten net allinnich opdraaie lit foar de feiligens fan Europa. As Nederlân dy taak net útfiert, soe dat de koheezje yn it NAVO-bûnsgenoatskip bot ûndergrave.

"Omdat de Amerikanen de veiligheid van Europa waarborgen, hebben Europese landen niet zelf een kernwapen ontwikkeld. Dat draagt bij aan de doelstelling van het INF-verdrag, dat moet voorkomen dat landen kernwapens ontwikkelen", ferfolget Urlings.

Foto: Omrop Fryslân

"De Tweede Kamer heeft regelmatig aan de regering gevraagd om met initiatieven te komen voor nucleaire wapenbeheersing. Als Nederland die taak nu zou opzeggen, zou een Oost-Europees land die rol op zich kunnen nemen. Dat zou Rusland weer als een provocatie kunnen opvatten."

'Wapenwedloop'

De AIV makket him fierder soargen oer in driigjende 'wedloop' op kearnwapens. Nederlân soe yn de Feriene Naasjes pleitsje moatte foar de ynstelling fan in gesachhawwende ynternasjonale kommisje dy't mei alle njoggen kearnwapenlannen prate sil oer fermindering fan nukleêre wapens.

"We maken ons grote zorgen over de nucleaire wapenbeheersing. Het is cruciaal dat we een wake-up call hebben en dat er nieuwe initiatieven komen voor wapenbeheersing", seit Urlings.

"Vooral omdat er ook andere ontwikkelingen zijn in de wereld, die de strategische stabiliteit ondergraven. Denk aan de ontwikkeling van hypersonische wapens, de militarisering van de ruimte, de ontwikkeling van kunstmatige intelligentie. Het maakt de veiligheid niet groter als Nederland er nu mee zegt te stoppen."

Marcel Urlings oan it wurd

INF-ferdrach

Fierder moat alles yn it wurk steld wurde om it INF-ferdrach foar nukleêre wapens foar middellange ôfstân te rêden. Omdat Ruslân dat ferdrach skeint, wolle de Amerikanen derfan ôf.

De AIV giet net yn op de fraach oft de NAVO dan ek nije kearnwapens yn Europa pleatse moat as ferjilding foar de nije Russyske kearnwapens.

It is no oan de regearing om binnen trije moannen mei in reaksje te kommen.

Trefwurden: 
F-16 F-35 nukleêre wapens
(advertinsje)
(advertinsje)