Trije klups wolle Cambuurspits Rossi hiere

31 jan 2019 - 13:04

Karim Rossi kin mooglik fuort by SC Cambuur. De spits komt by de Ljouwerters hast net oan spyljen ta en der binne trije klups út de earste difyzje dy't him hiere wolle. Rossi is foar in transfer allinne ôfhinklik fan Cambuur.

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De Switserske oanfaller mei nammentlik allinne fuort as Cambuur deryn slagget om noch in spits binnen te heljen. "En daar gaan we niet vanuit", sa lit de saakwaarnimmer fan Rossi, Carlos Barros, witte.

Hy wol net sizze hokker klups Rossi hiere wolle. Tongersdei is de lêste dei dat klups spilers keapje en ferkeapje kinne. Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur liet woansdei witte dat hy yn petear is mei in mooglik nije spits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)