Grut alarm fanwege brân yn melkfeestâl yn Wikel

By in melkfeebedriuw oan de Jeen Hornstrawei yn Wikel hat tongersdeitemiddei grutte brân west. De brânwachtkorpsen fan Snits, De Jouwer, Balk, Sint-Nyk en Sleat hawwe it fjoer bestriden.
Grut alarm fanwege brân yn melkfeestâl yn Wikel
Ingrid Weert fan de Feiligensregio Fryslân oer de brân
Yn de melkstâl dy't yn 'e brân stie, wiene noch sa'n hûndert kij. De bisten steane no feilich op it lân. Ien ko is deagien, it bist glide út doe't sy de stâl besocht út te kommen. De oare twahûndert kij binne ek feilich.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.