MCL brûkt noas om longsykten te detektearjen

It Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) docht sûnt jannewaris 2019 mei yn in ûndersyk nei it gebrûk fan in elektryske noas by it fêststellen fan longkanker. It apparaat, de Aeonose, rûkt op basis fan stoffen yn de útazemingslucht oft in pasjint longkanker hat.
© MCL
"Het onderzoek, een initiatief van Medisch Spectrum Twente in Enschede, wordt uitgevoerd in een samenwerkingsverband met de universiteiten van Nijmegen en Twente. Voor longkanker gaat het MCL met dit onderzoek de tweede fase in", fertelt longarts Wouter van Geffen fan it MCL.
"Aan de succesvolle eerste testfase werkte het MCL al mee. De resultaten werden gepubliceerd in het tijdschrift Lung Cancer in 2018."

Fruit

De elektroanyske noas waard yn 1999 al ûntwikkele om iten te beoardieljen, bygelyks om te sjen oft fruit oerryp is. Al gau die bliken dat dit soart apparaten ek geskikt is om stoffen dy't wize op in sykte te detektearjen yn de útazemingslucht.
Der binne earder ek al ûndersiken dien mei de eNose. Dêrby waard sjoen oft it apparaat helpe koe by longsykten lykas astma en COPD. Ek út dizze ûndersiken kamen positive resultaten.

Fryske pasjinten

"Patiënten ervaren een bronchoscopie vaak als heel belastend. We hopen erop dat de Aeonose op termijn tot minder bronchoscopieën zal leiden", seit Van Geffen. Hy hopet dat der sa'n hûndert Fryske pasjinten meidwaan wolle oan it lanlik ûndersyk.