Ibrahim Dresevic tredde fersterking SC Hearrenfean: "Ik kin it spultsje lêze"

31 jan 2019 - 11:09

Op de lêste dei fan de transfermerk hat SC Hearrenfean noch in tredde fersterking helle. Ibrahim Dresevic komt oer fan IF Elfsborg.

Dresevic2

De 22-jierrige Sweedske ferdigener hat in kontrakt tekene foar 3,5 jier. Dresevic omskriuwt himsels: "Ik bin in moderne sintrale ferdigener. Ik ha in goede pass yn myn rjochterfoet en ik kin it spultsje lêze. Hy is bliid mei de stap nei Hearrenfean. "Dit is goed foar my. It Nederlânske fuotbal leit my goed: rap en in protte 1 tsjin 1."

Seleksje rûn

Mei de komst fan Dresevic hat SC Hearrenfean de seleksje foar de twadde seizoenshelte rûn. Earder waarden Andreas Skovgaard en Dennis Johnsen al fêstlein.

Dêr stiet tsjinoer dat Dave Bulthuis, Nicolai Naess en Arber Zeneli de klup ferlitten ha. Middenfjilder Jordy Bruijn is foar de rest fan it seizoen ferhierd oan NEC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)