Oplichter oanhâlden yn Snits

© Omrop Fryslân
In ûnbekende man fan 38 jier is tiisdei yn Snits oppakt om't er ferskate winkellju oplicht hat. Hy waard trapearre yn in winkel yn Snits oan de Oosterdyk. Hy besocht stellen guod út 'e winkel om te ruiljen foar jild.
De eigener fan in oare winkel werkende de man. Hy hie earder itselde besocht yn syn winkel. De plysje hat de man meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de fertochte mooglik ek winkeliers yn Boalsert oplicht hat. De plysje docht noch fierder ûndersyk.