Nij ûntwerp foar te heech Wrâlderfgoedsintrum by Lauwerseach

31 jan 2019 - 11:06

Der komt in nij ûntwerp foar it Wrâlderfgoedsintrum dat by Lauwerseach komme moat. It besteande ûntwerp is neffens beswiermakkers te heech en der is om dy reden te min draachflak foar.

Foto: Dorte Mandrup

Dat docht bliken út oerlis tusken alle belanghawwende partijen, lykas Seehûnesintrum Pieterburen, gemeente Het Hogeland, provinsje Grinslân, Steatsboskbehear en de Exploitatiemaatschappij Havencomplex Lauwersoog.

It kommende healjier wurdt brûkt om te kommen ta in ûntwerp dêr't wol draachflak foar is. Der wurdt ûnder oare oerlein mei natuerorganisaasjes en ûndernimmers yn de buert.

(advertinsje)
(advertinsje)