Enkête: Wat fynsto wichtich?

31 jan 2019 - 10:41

Foar it tredde jier op in rige ûndersiket de NOS, tegearre mei de regionale omroppen, watsto wichtich fynst. Wat hâldt dy dwaande en wêr makkesto dy soargen oer?

Foto: Shutterstock.com

Op 20 maart wurde der wer ferkiezings hâlden en dat is by útstek it momint om mei dyn stim ynfloed út te oefenjen, net allinnich op de provinsjale polityk, mar ek op de lanlike. Want yndirekt wurdt ommers ek de Earste Keamer keazen.

Wat fynsto it wichtichste ûnderwerp? Wêr moat de polityk mei foarrang wurk fan meitsje? Giet it om dyn finansjele situaasje, om it klimaat, de wenningmerk, feiligens op strjitte of mear om ymmigraasje, soarch, ûnderwiis en gean sa mar troch.

Underfinings en ferhalen

Dit is gjin opiny-ûndersyk, mar in middel om ûnderfinings en ferhalen fan minsken te ynventarisearjen en te peiljen wat der libbet.

(advertinsje)
(advertinsje)