SC Hearrenfean ferhiert Jordy Bruijn oan NEC

31 jan 2019 - 10:16

Jordy Bruijn spilet de rest fan it seizoen foar NEC. De 22-jierrige middenfjilder wurdt troch SC Hearrenfean ferhierd oan de nûmer 15 fan de earste difyzje.

Argyffoto Jordy Bruijn - Foto: www.orange-pictures.nl

NEC hat gjin opsje ta keap, omdat Hearrenfean derfan út giet dat Bruijn op termyn basisspiler wurde kin. Hearrenfean hat noch in opsje it kontrakt mei in jier te ferlingjen en sil ynkoarten it petear oangean mei Bruijn. "Omdat wij vertrouwen hebben in Jordy", sa seit technysk manager Gerry Hamstra de webside fan de klup. "Voor zijn ontwikkeling is het nu van belang dat hij veel minuten maakt. Dat kan bij NEC."

Bruijn komt út de jeugdoplieding fan Ajax en kaam yn 2016 nei Fryslân. Omdat hy te krijen hat mei in soad konkurrinsje op it middenfjild, kaam hy dit seizoen 11 kear yn aksje foar SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)