Ferkear hat lêst fan glêdens: lange files by de Heak

It ferkear yn Frylân hat tongersdeitemoarn lêst hân fan de glêdens. Op de Heak om Ljouwert wiene meardere ûngelokken, wêrnei't files ûntstiene.
© Jaring Rispens
De diken yn Ljouwert en omkriten waarden glêd nei't der tongersdei betiid snie fallen wie.
Op de A7 tusken Fryskepeallen en Drachten ûntstie in lange file nei in botsing by Drachten. It is noch net bekend oft der ek minsken ferwûne rekke binne.