FNV nei oername Barkmeijer: "Mensen zitten al lang thuis en willen duidelijkheid"

31 jan 2019 - 08:41

FNV hopet dat der gau dúdlikens komt oer it personiel fan de fallite skipswerf Barkmeijer yn Strobos. Dy wurdt oernommen troch Thecla Bodewes.

By Barkmeijer wurken 79 fêste minsken en 70 útstjoerkreften. Net elkenien sil noch beskikber wêze, tinkt kurator Marco Kalmijn. "Der sil in nij team komme moatte om de werf wer op te starten. Der kinne net samar wer fyftich minsken oan it wurk. De werf is yn Strobos en it soe logysk wêze as in soad minsken út de omjouwing dêr wer in plak krije."

In petear mei kurator Marco Kalmijn en FNV-bestjoerder Ad de Vos

Ad de Vos, FNV-bestjoerder, wol witte om hoefolle banen oft it giet mei de oername. "Het is positief dat er een doorstart plaatsvindt, ik begrijp dat het vooralsnog om twee onafgebouwde schepen gaat en niet om nieuwbouw. We willen weten hoeveel mensen van de voormalige werf Barkmeijer weer in de gelegenheid worden gesteld om daar aan de slag te gaan en onder welke voorwaarden. Dat zijn heel belangrijke punten. Mensen zitten al lang thuis en willen duidelijkheid. Ik neem aan dat dat snel gaat komen."

Ek De Vos tinkt dat guon minsken al oar wurk fûn ha, mar hy hâldt ek in slach om 'e earm. "Het gaat lang niet om allemaal, het zal veelal om uitzendbanen gaan. Als mensen kansen en mogelijkheden zien, zullen ze ook terugkeren. Het blijft spannend, maar ik kan me nauwelijks voorstellen dat de overname nog misgaat."

De werf fan Barkmeijer yn Strobos - Foto: Google Streetview

Tongersdei is der noch in lêste oerlis en wurde alle puntsjes op de i setten. Dêrby sit Thecla Bodewes, de kurator, de âld-bestjoerders fan de fennoatskip en de Rabobank, dy't de sekerheidsrjochten hat.

(advertinsje)
(advertinsje)