Kollum: "Tattoo"

31 jan 2019 - 07:53

"Ik seach 'm moandei yn in koart berjochtsje op it NOS sjoernaal. Mitchell, in jongeman wêrby't fuortendaliks syn machtige tatoeaazjes yn it each springe. En dat is in understatement.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Want Mitchell sit der werklik ûnder, mei as meast opfallende in gigantysk pistoal ûnder syn linkereach. En net in lullich gewearke, mar in swarte gun fan in pear sintimeter. Mitchell wie op it sjoernaal, om't hy dizze en noch wat oare tatoeaazjes fuorthelje lit. Fergees.

It is in projekt yn Rotterdam, dat hjit: Dag Tattoo Hallo Baan. Wurkleazen kinne fergees harren tatoeaazjes fuorthelje litte fan harren gesicht, hals en hannen. Mitchell is ien fan harren. Syn motivaasje is om wurk krije te kinnen, mar ek om net foar lul te stean by syn dochterke fan no 1 jier âld. Dat wie ûngefear it hiele ferhaal yn it sjoernaal.

Yn 'e Volkskrant lies ik der wat mear oer. Sa skriuwt de ferslachjouwer dat Mitchell in freonlike en sêfte yndruk makket. Dat gegeven is relevant, om't ik wol wit wat myn yndruk is fan immen, sûnder dat ik 'm sprek, as hy mei in pistoal op syn kop foar my stiet. Mar ho, foardat jo, krekt as ik, Mitchell hielendal ôfskriuwe: hy seit dat hy tige depressyf wie doe't hy de tatoeaazjes sette liet. Hy hie oeral 'schijt' oan. Yn syn omjouwing wiene minsken ferstoarn, hy hong in protte op strjitte om en die ferkearde dingen, stiet yn 'e krante.

Dus naam hy dat wat nimmen fan him ôfpakke kin, syn ûnferfrjemdbere eigen lichem, en sette it fol.

It fuortheljen fan in tatoeaazje kostet ûngefear tsien kear safolle as it setten. En om in yndruk te jaan: Mitchell hat 1.500 euro útjûn. Dus dat is fyftjintûzen euro om it wer fuort te lazerjen. Dat krigest nea foarinoar mei in útkearing.

Noch in moai detail út it krantestik: de man dy't dit betocht hat, is Andy Han. Hy ferwideret tatoeaazjes, en seit dat hy it de lêste jierren knap drok krigen hat. Andy kaam op it idee foar it fergees fuortheljen troch de ferhalen dy't hy fan syn klanten hearde: minsken dy't op harren achttjinde yn in rekalsitrante bui Fuck Off op harren knokkels sette litten hawwe, en tsien jier letter earne sollisitearre moatte. Wa nimt ien oan mei Fuck Off op syn knokkels?

De trochslach joech dit: doe't Andy's 23-jierrige dochter thúskaam neidat se mei in dronken kop in wynglês efter har ear tatoeëarre litten hie. Spyt as de hieren op har holle. Oh, en de details binne noch net op. Want Andy's partner set tatoeaazjes. De famylje Han hat in slutend fertsjinmodeltsje.

It giet goed mei de 'tatoeëarderij'; in gefolch fan in eksploazje fan it 'ik', seit in heechlearaar Ontwikkeling van de Publieke Opinie. Hearlik heechlearaarskip liket my dat trouwens. Mar mei tatoeaazjes wolle we sjen litte wêr't we by hearre, en wa't we binne, mei ús eigen lichem. Dat ik my oer dit alles wat ferwûnderje, is net sa raar - ik bin in nochal kleurleas persoan dy't net tinkt ek mar wat útdrukke te kinnen mei syn foarkommen, klean of fersieringen. It publyk lêst net in protte oan my ôf, sa mei ik graach tinke. Dat kin fansels al. In goeie gun op myn harsens drukt al it ien en oar út.

Der is ûnder myn freonen wolris wat diskusje oer oft je je oanpasse oan wat de maatskippij fan je langet versus eigen ekspresje. Sa as hoe froulik oft mannen binne as hoe manlik froulju. Se fine dan dat it net útmeitsje moat: dat je josels wêze moatte. Mar it is gewoan in feit dat in keppeltsje, in holdoek, of in tatoeaazje fan in pistoal op 'e holle wol útmakket foar de earste yndruk dy't je meitsje op minsken, en dat je fan sa'n earste yndruk mar lestich wer ôf komme. It giet by kommunikaasje net oer wat de stjoerder stjoert, mar wat de ûntfanger ûntfangt. De 'tatoeaazje-enthousiastelingen' fan de lêste jierren komme der hieltyd mear efter, and they found out the hard way.

Mitchell moat yn ruil foar it fergees ferwiderjen fan de tatoeaazjes fan syn gesicht, meidwaan oan in dokumintêre dy't hjiroer makke wurd foar middelbere skoallen. Moat hy syn eigen lichem dochs noch ferkeapje."

(advertinsje)
(advertinsje)