KNMI warskôget: it kin glêd wêze op de dyk

31 jan 2019 - 06:41

It KNMI hat foar tongersdei fanwege glêdens koade giel ôfjûn. De warskôging jildt oant 11 oere. Wiete stikken dyk binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei beferzen.

Foto: Omrop Fryslân

"Der falt ek noch lichte snie", seit waarman Piet Paulusma. It wurde mear buien of buikes mei snie. "Dêrnei wurdt it stadichoan drûch."

Dan komt ek de sinne derby en oerdeis is it likernôch 2 of 3 graden, mei in matige oant frij krêftige wyn. Hjirtroch fielt it kâlder oan. Yn de nacht buien mei snie en 0 of -1 graden.

Trefwurden: 
koade giel glêdens
(advertinsje)