Soad skea nei brân yn wenning Driezum

By in brân yn in wenning oan de Master Hofstrastrjitte yn Driezum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in soad skea ûntstien. De brân bruts út tsjin kertier foar trijen, ûnder de trep yn de hal fan de wenning.
Soad skea nei brân yn wenning Driezum
Yn in koart skoftke tiid stie it hûs fol reek. De bewenners koene op tiid út it hûs komme. De brânwacht fan Damwâld hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat benammen oan de binnenkant fan de wenning in soad skea ûntstie.
Mei help fan de heechwurker fan it korps Dokkum binne mei in waarmtebyldkamera bylden makke. Stichting Salvage is ynskeakele om de bewenners te stypjen by it ôfhanneljen fan de skea.
© De Vries Media