Gemeentepark by gemeentehûs Waadhoeke yn Frjentsjer: wol of gjin beammen kappe?

30 jan 2019 - 22:45

Wol of gjin beammekap? Dat bliuwt noch hieltyd de fraach by de werynrjochting fan it gemeentepark dat njonken de nije riedsseal by it gemeentehûs fan Waadhoeke yn Frjentsjer komme moat.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Omwenners komme der net út

De gemeente hie in wurkgroep mei dêryn belutsen omwenners gearstald, mar dy komme der ek net út. It liket der op dat de gemeenteriedsleden aanst kieze moatte út twa opsjes. In park mei in boskrâne dêr't wol kapt wurde mei of net.

Petysje tsjin kappen fan beammen

Wethâlder Jan Dijkstra fynt de beslútfoarming lykwols hiel demokratysk. Hy hie de wurkgroep krekt ynsteld, omdat in plan fan de gemeente ferline jier ôfsketten waard. Yn dat plan soene de beammen by de Dreeslaan del kapt wurde en dêr wiene in soad ynwenners fan Frjentsjer it net mei iens.

De wethâlder luts it plan werom, neidat der in petysje mei hast 1200 hântekenings ynlevere wie. De ferdielde wurkgroep fan no komt noch ien kear by-inoar. Dat sil wêze op 6 febrewaris.

Dêrnei is it definitive beslút oer hoe't it park njonken it gemeentehûs derút komme moat te sjen oan de gemeenteried.

(advertinsje)